Richtsje Strikwerda en Ydo Harkema winne it Pearke teatsen

Wa de ôfrûne wiken op facebook of twitter fan Jacob Klaver sjoen hat, hat der grif wat fan meikrigen. It wie suver in soarte fan spam, it oandacht freegjen en lobbyen foar it pearke teatsen fan 4 augustus. It die fertuten want mei 64 partoer op de list ha jo in drokke dei op snein.

Om tsien oere los is de earste útdaging die je dan hawwe. Gelokkich hiene wij in “opper spreekstal meester”, Anne Muller ree fûn om it ferrin fan dizze partij in goeie banen te lieden. Sa gie it ek mar jo moatte, mei in ferliezers omloop, wol efkes twa kear alle partoeren nei it fjild dirigearre. It slagge Anne tige bij tige. Der wurde fûleindich teatst, it skoft tusken de wedstriden wie soms wat oan de lange kant mar doe’t it oantal partoeren nei 32 werbrocht wie, gie it dat it slydjage. En fansels ha je minsken dy’t mei ferskate doelen nei sa’n partij komme. Guon begonnen moarn al mei in pilske en oaren holden it bij wetter of in sportdrankje om’t sij in oar doel hiene as allinne mar meidwaan. En woene jo foar de prizen gean dan wie dat wetter of sportdrankje ek wol nedich. Jo moasten je troch fjouwer omlopen wrakselje om in de heale finale te kommen en as dat slagge dan stie de finale as wedstriid nûmer seis noch te wachtsjen. It wie gelokkich skoander waar en in soad minsken bleaunen op it fjild, hoewol de Mantgumer feart foar in pear efkes foar in lytse ôfkuolling soarge, wie der gelokkich in soad publyk dat nei it teatsen sjen bleaun. En die krigen in pear machtige wedstriden te sjen. In de ferliezersrunde teatsen partoeren 4, Nyke Sybrandy en Tom Nauta en partoer 57, Joanne Anema en Jan Evert Anema de finale. Beide partoere wiene de heale finale maklik troch kaam. Partoer fjouwer blykte it sterkste in dizze ûnderlinge striid en beslikke de partij met 5-2 en 6-6. De finale yn de winnersrunde wie hast in Spannumer wedstriid. Partoer 30, Seriette Strikwerda en Bote Strikwerda hiene as tsjinstanners Richtsje Strikwerda en Ydo Harkema. Alinne Ydo komt net ut Spannum. Jo maaie dus wol sprekke fan in doarp met teats talint. Partoer 49 wie maklik troch de heal finale kaam wer se mei 0-5 en 4-6 oan de yllúzjes Martina Miedema en Wybrand Boersma in ein makken. Partoer 30 hie in swiere heale finale wer se yn Lyssa van der Ende en Jan Boersma hast harren Waterloo fûnen. It wurden 5-5 en 6-6 mar dat koste muoite. It publyk krige ek in de finale in wedstriid om de bek bij of te slikjen. Mei alles oan de hang wie it partoer 49 dat mei de wikselpriis nei hús ta gong. It wie lange tiid noch ûnrêstich yn en op it terras fan de Wjukken wêr’t op de klanken fan “live” muzyk noch in moai feestje wie. Takom jier dogge we it wer

Geplaatst op 04 August 2013